Jo hûn stiet tichter by de natuer as jo tinke!

Achte hûneleafhawwer,

It ferskaat oan rassen kin noch sa grut en útienrinnend wêze, dochs hawwe de fertsjintwurdigers fan al dy rassen noch altyd ien ding mien mei harren mienskiplike foarâlden, nammentlik: harren stofwikseling. Dy wurket by ús hûnen al sûnt de oertiid noch presiis itselde.

Yn ’e natuer ite álle wylde hûneftigen, fan lyts oant grut en fan jong oant âld, nei harren (enerzjy)ferlet út íén en itselde foeroanbod! Op dat feit, út ús prinsipe “hûnen earst” wei, is ús Farm Food Filosofy basearre: íén soarte foer gaadlik foar álle hûnen. Want foar ús hûnen, lykas foar minsken en oare langlibjende bisten jildt, dat yn ferskillende libbensstadia allinne mear of minder, mar net óárs iten hoecht te wurden. De gearstalling en kwaliteit fan Farm Food soargje dêrby foar in optimale biologyske balâns.

Hieltyd wer berjochtsje brûkers, fokkers, hûnetrainers en ynstrukteurs, hûnetrimmers, feedokters en feterinêr homeopaten ús oer de positive en, wêr nedich, probleemoplossende ynfloed fan Farm Food Hûnefoer op ’e hûn; fan kop ta tean, fan noas- oant sturtpunt, fan binnen en fan bûten!

Wy binne ús der dan ek fan bewust gjin bettere ambassadeurs foar ús filosofy te hawwen as de hûnen sels! Omdat in proef no ienkear mear seit as tûzen wurden noegje wy jo graach út de “proef op ’e som” te nimmen: Lit jo hûn(en) jo oertsjûgje fan ’e Farm Food kwaliteit.

Mei freonlike groetnis, mei út namme fan it Farm Food Team.

Gerrit de Weerd

Farm Food kwaliteitsgarânsje:

Kwaliteit is méár as allínne in goed produkt!
Farm Food stiet foar:

Hege kwaliteitseasken en strange kwaliteitskontrôles.
Dat resultearret yn in skjin en suver kwaliteitsprodukt.

Wy meitsje allinne gebrûk fan natuerlike yngrediïnten
dy’t gaadlik binne foar minsklike konsumpsje.

Us produkten binne frij fan keunstmjittige rookstoffen, kleurstoffen en smaakstoffen.
Wy meitsje gjin gebrûk fan keunstmjittige bynmiddels,
keunstmjittige konservearringsstoffen of gemyske antyoxidanten.

Farm Food: natuersuver hûnefoer, sûnt 1982.
Print Friendly, PDF & Email