Fan wolf oant hûn

Hoewol’t der meardere teoryen binne is frijwol elkenien it deroer iens dat al ús hûnen (Canis Lupus Familiaris) yn al harren ferskaat, as ûndersoarte, ôfstamme fan wolven (Canis Lupus). Dat se ta deselde famylje (Canis / Canidae) hearre en, nettsjinsteande alle uterlike ferskillen, noch hieltyd ticht byelkoar steane docht wol bliken út it feit dat it basisgedrach fan ús hûnen noch hieltyd gelyk is oan it hâlden en dragen fan ’e wolf.

Tûzenen jierren lyn is, yn ’e rin fan ’e skiednis, in symbioaze (gearlibjen ta foardiel fan beide kanten) ûntstien tusken minske en wolf. De wolven binne opportunistysk en learden dat it geunstich wie om yn ’e buert fan omreizgjende minsken (nomaden) te wêzen. De wolven ieten de itensresten fan ’e minske yn tiden fan krapte en de minske learde dat it foardielich wie om ’e skaaimerken fan ’e wolf te brûken foar bygelyks de jacht en it oppassen.

a king and his dog slaying a lion

Oer de hiele wrâld (inkelde útsûnderingen dêr litten) kamen wolven foar. It frappante is, dat, ûnôfhinklik fan elkoar, oer de hiele wrâld in gearwurkingsferbân tusken wolf en minske ûntstien is. Hiel stadich, oer in soad generaasjes hinne, begûn de minske “syn wolf” oan te passen oan syn winsken. Hy liet de bisten mei de foar him en de omkriten meast geunstige skaaimerken mei elkoar pearje oftewol; hy begûn te fokken! Dêrmei wie de Canis Lupus Familiaris ûntstien.

Omdat de winske skaaimerken fan kontinint oant kontinint en fan streek oant streek sterk útinoar rûnen, binne de ferskillende rjochtingen yn ’e gebrûksskaaimerken ûntstien. Dêrmei wie de basis lein foar de ferskillende rasgroepen.

Troch hieltyd dy “hûnen” te selektearjen dy’t foar it doel it gaadlikst wiene en dy mei elkoar pearje te litten, ûntstie stadichoan it soarte hûn dat winske waard. Troch hieltyd mar wer de grutste mei de grutste, de lytste mei de lytste, de koartste poaten mei de koartste poaten, de platste snút mei de platste snút ensfh., pearje te litten binne de ferskillende rassen ûntstien.

Belangryk dêrby is de wittenskip dat de sóárte (Canis) ûntstien is troch natuerlike evolúsje en dat de ferskillende hûnerassen (Canis Lupus Familiaris) inkeld en allinne ûntstien binne troch seleksje op winske skaaimerken. Dat betsjut dat ús hûnen, yn al harren ferskaat, noch hieltyd kwa evolúsje op in likens nivo steane mei harren oarsprong de wolf (Canis Lupus).

Dat wy dêr wis rekken mei hâlde moatte, jildt net allinne wat it basisgedrach fan ús hûnen oanbelanget, mar mear noch wat harren stofwikseling oanbelanget en dêrmei harren deistich iten. Krekt wannear’t wy de basisferletten fan ús hûnen respektearje yn al har fasetten, kinne wy in optimale sûnens ferwachtsje.

Print Friendly, PDF & Email