Farm Food is fan oarsprong, en noch hieltyd, in famyljebedriuw.

Yn ’e begjinfaze waard it in tal jierren dreaun troch yng. Gerrit de Weerd en de frou en mei help fan beide, doe noch skoalgeande, soannen.

1982 – Suver en parse hûnefoer

Yn 1982 wurdt Yng. Gerrit de Weerd fanwegen syn kennis en ûnderfining op it mêd fan bistefieding yn it algemien (sawol yn Nederlân as ek dêrbûten) belutsen by it ûntwikkeljen fan in hûnefoer dat as neutraal testfoer tsjinje moat by in ûndersyk nei de kwaliteit fan ’e ferskillende hûnefoeren dy’t op dat stuit op ’e merk binne. Op basis fan Nederlânsk kowefleis, gaadlik foar minsklike konsumpsje, wurdt in parse brok ûntwikkele sûnder watfoar tafoegingen lykas kleurstoffen, aroma’s, antyoxidanten ensfh. dan ek. Utgongspunt is dat it foer gaadlik wêze moat foar hûnen fan álle leeftiden en kondysje. Dêrby wurdt weromgrypt nei it simpele feit dat yn ’e natuer alle wylde hûneftigen, fan pup oant senior, neffens ferlet itselde ite fan it proaidieroanbod dat op dat stuit beskikber is.

1984 – Farm Food ‘High Energy’

As de proef yn 1984 nei 2 jier ôfsletten wurdt docht bliken dat in tal fokkers, fanwegen de treflike resultaten, it neutrale ‘all life stage’ foer graach fierder brûke wolle soe. Dêrom wurdt besletten it neutrale testfoer ûnder de namme Farm Food HE op lytse skaal op ’e merk te bringen. Reklame trochdat it fierder prate hat sûnt 1984 foar in stadige groei soarge. De gearstalling fan it foer is sûnt de begjinjierren yn prinsipe net feroare en der komme noch hieltyd positive reaksjes. De meast opfallende en in soad foarkommende reaksje is dat âldere hûnen dy’t op Farm Food HE oerset wurde in twadde jeugd lykje te krijen en dat oer it algemien leeftiden berikt wurde fan fier oer de 10 jier. Fansels is Farm Food HE yn ’e rin fan ’e jierren ferbettere, sawol nei eigen as ek nei wittenskiplike ynsjoggen, lykwols sûnder de oarspronklike filosofy fan “íén soarte foer foar alle hûnen fan alle leeftiden en ûnder alle omstannichheden” út it each te ferliezen.

1996 – Farm Food Rawhide

Yn ’e rin fan ’e jierren groeide de fraach nei kauguod, wêrfan’t de kwaliteit oanslute soe by de Farm Food Filosofy en dat dan ek sûnder de kâns op sûnensproblemen neist Farm Food hûnefoer jûn wurde kinne soe. In passend produkt wurdt fûn yn Súd-Amearika, dêr’t it ûnderhûdsk bynweefsel fan ’e frije útrin slachtkij ferwurke wurdt ta kauguod. Farm Food Rawhide is in skjin produkt dat garandearre frij is fan hokker tafoeging dan ek en tagelyk frij is fan swiere metalen. It belangrykste fan dit kauprodukt is dat it wurket as in toskeboarstel. By it kôgjen komt kollageen frij en dat helpt om oanslach op ’e tosken te ferminderjen en/of foar te kommen.

2001 – Fokus op petfood merk

Oant it jier 2001 bleau Gerrit de Weerd noch foar in part aktyf as bistefiedingsadviseur yn binnen- en bûtenlân. Fan 2001 ôf beslút er him alhiel op ’e petfood merk te konsintrearjen en folslein as direkteur foar Farm Food B.V. oan it wurk te gean.

2005 – Farm Food Nû.1, pup-kittenmolkpoeier

Yn 2005 wurdt in nij produkt oan it assortimint tafoege en wol neffens in totaal nij konsept. Op basis fan folle geitemolke gaadlik foar minsklike konsumpsje (yn stee fan ’e wenstige ôfrjemme kowemolke) wurdt in molkpoeier gearstald. Hoewol’t it produkt oarspronklik allinne bedoeld wie foar jonge hûnen en jonge katten, docht bliken dat ek oare lytse sûchdieren it bysûnder goed dogge op dy molke. Jo moatte dêrby tinke oan knyntsjes, iikhoarntsjes, stikelbarchjes, chinchilla’s, mûzen ensfh. Farm Food Nû.1 is echt unyk en is dêrom patintearre ûnder oktroai nû.: 1029707

2008 – Farm Food Fresh, djipferzen kompleet foer
Yn 2008 wurdt troch Farm Food in eigen farskfleis-line opset. Troch Farm Food is altyd advisearre om neist it folsleine droechfoer op beskate tiden in farskfleisdei op basis fan smoarge pânse yn te fieren, om in optimale termfloara te krijen. Lykas bekend út de humane sûnenssoarch ‘huzet sûnens yn ’e term’ en dat jildt wis ek foar ús hûnen. It oanbod oan farskfleis-produkten fan dat momint is nochal fariearre en ferskillend fan kwaliteit. Om dy reden wie it sinfol in eigen line op te setten.

2011 – Farm Food Trainers

Lange tiid is troch it Farm Food team útsjoen nei in skjin beleanningsbrokje, dat ek nochris sûn wêze soe. It wurdt op ’t lêst de Trainers, klear kowehert, droege en yn lytse, goed te hantearjen brokjes fersnien. Dit produkt wurdt ek bysûnder goed ûntfongen troch de brûkers, sawol eigeners as hûnen.

2012 – Farm Food Antlers

Yn dat jier wurdt in hiel nij kauprodukt oan it assortimint tafoege. Antlers binne ôfsmiten hartegeweien, in produkt dat streekrjocht oanslút by de Farm Food Filosofy, dy’t weromgrypt op ’e oarsprong fan ús hûn, de wylde hûneftigen. Yn ’e natuer sille de wylde hûneftigen wis dy hartegeweien brûke om oan harren ferlet om te kôgjen te foldwaan. Dêrneist is it fansels in bistfreonlik produkt by útstek, dat troch de hurde struktuer boppedat ekstra lang kauplezier jout. De geweien wurde ferseage yn ferskillende maten.

Farm Food B.V. op dit stuit

Farm Food is fan oarsprong, en noch hieltyd, in famyljebedriuw. Yn ’e begjinfaze waard it in tal jierren dreaun troch yng. Gerrit de Weerd en de frou en mei help fan beide, doe noch skoalgeande, soannen. De soannen binne yn ’e tuskentiid al in pear jier ôfstudearre en wurkje beide yn it bedriuw. Yn totaal wurkje 14 minsken oan ’e opset om de Farm Food produkten net allinne yn Nederlân mar ek yn hiel Europa te krijen dêr’t se hearre: by de serieuze hûneleafhawwer dy’t it bêste wol foar syn hûn.

 

Print Friendly, PDF & Email