Koalhydraten yn Hûnefoer.

Gauris wurdt nochal negatyf skreaun oer alle soarten koalhydraat boarnen (benammen weet en mais) yn hûnefoer. Binne dy útspraken mei rjocht of binne de opmerkingen troch werheljen in eigen libben begûn te lieden? Of binne se, yn oarsprong, ûntstien om wille fan marketing of promoasje en besykje de betinkers dêrfan de lêzers op in dwaalspoar te setten?

Oarspronklik iten.

It iten fan ’e foarâlden fan ús hûnen, de wolven, wie hiel ferskillend. It fariearre fan fongen plante-iters, lytse kjifdieren, kadavers, oant stront (ûntlêsting fan gersiters, lykas hynders) ensfh., feitlik allegear fiedingsstoffen ôfkomstich fan plante- en siediters. Dy sieden binne yn haadsaak ôfkomstich fan ’e ferskillende gerzen. De sammelnamme foar dy (gers)sieden is: nôt. (http://nl.wikipedia.org/wiki/Graan).

It is in algemien bekend feit dat wolven, sagau’t se in grutte gersiter deade hawwe, as earste de búkynhâld, ynklusyf de foarfertarde planten en sieden, opite. Wanner’t se bygelyks in mûs of in lemming fange, wurdt dy ek yn syn gehiel opiten, ynklusyf mage- en termynhâld.

Feitlik komt it derop del dat in part fan it iten bestie/bestiet út koalhydraten (de foarfertarde planten en sieden). Koalhydraten binne, lykas aaiwiten en fetten, essinsjeel yn it iten fan wolven en dus ek yn it iten fan ús hûnen.

a-king-and-his-dog-slaying-a-lionTrochdat de foarâlden fan ús hûnen hieltyd faker iten sochten by de delsettingen fan minsken (omreizgjende nomaden en jager-sammelers), pasten sy har stadichoan oan nei in ytpatroan fan mear setmoal en minder fleis. Geneûndersyk hat oantoand dat der ferskillen binne tusken wolven en hûnen foar wat setmoalfertarring oanbelanget.

Dat geneûndersyk is beskreaun yn it blêd ‘Nature’ op 23 jannewaris 2013 mei as titel: “The genomic signature of dog domestication reveals adaptation to a starch-rich diet”.

By de domestikaasje is it fertarringssysteem fan ’e foarâlden fan ’e hûnen stadichoan mear oanpast oan it fertarren fan setmoal; omdat sy, lykas de minsken, faak tefreden wêze moasten mei benammen bôle en brij. Sieden wiene foar de minske teminsten maklik te bewarjen. Dus ek in grut part fan it foer fan ’e earste hûnen bestie út koalhydraten út sieden.

Koalhydraten wurde omset yn glukoaze dat nedich is foar de lichemsfunksjes fan ’e hûn.

It is foar dragende en fuorjende teven sels fan essinsjeel belang dat it foer foarsjocht yn in beskaat gehalte oan koalhydraten. As de teef te min koalhydraten krijt by de dracht en laktaasje is de oerlibbingskâns fan krektberne puppen lyts.

Ut it boppesteande docht bliken dat fan âlds sieden (lês: nôten) in wêzentlik ûnderdiel foarmje yn it iten fan wolven en noch mear yn it iten fan ’e foarâlden fan ús hûnen.

Mar wêrom binne guon minsken dan sa negatyf oer nôten yn hûnefoer?

Yn it foargeande wurdt hieltyd sprutsen oer “foarfertarde planten en sieden”. Wannear’t it setmoal yn ’e sieden (nôten) net foldwaande foarfertard is, binne de koalhydraten (fanwegen it koarte termkanaal fan ’e hûn) ûnfoldwaande berikber foar fierdere fertarring yn ’e tinne term en bedarje dan yn rauwe foarm (as setmoal) yn ’e dikke term. Dêr fergêstet it dan mei gasfoarming en diarree ta gefolch. Yn ’e natuer binne de sieden al foarfertard troch de enzymen en baktearjes yn it spiisfertarringskanaal (mage en terms) fan it proaidier.

By it brûken fan in hûnefoer moatte de rauwe nôten (en oare setmoalhâldende produkten lykas woartels en knollen) dus “foarfertard” wurde, mei oare wurden: it setmoal moat “iepenbrutsen” wurde sadat de koalhydraten berikber binne foar fierdere fertarring yn ’e term fan ’e hûn. Sels foar minsken, wêrfan’t de termlingte yn ferhâlding 7 kear langer is binne woartels, rauwe nôten en knollen (bygelyks ierappels) net oant amper te fertarren en liede se ta gasfoarming, termkrampen en tinne ûntlêsting.

Dat “iepenbrekken”, oftewol “ûntsluten”, fan it setmoal bart wannear’t it produkt in beskate tiid ferwaarme wurdt (siede).

Omdat dat ûntsluten, benammen by ekstrudearjen (krokante brokjes dy’t op wetter driuwe), nochal ris ûnfoldwaande is, omdat de doer fan it ferwaarmjen te koart is, ûntsteane dêrtroch faak fertarringsproblemen mei termproblemen as gefolch.

Fanwegen dy swierrichheden hat men al gau oanstriid om alle foer dêr’t nôten yn sitte oer ien kaam te skearen. Lykwols, wannear’t de nôten (rys, mais, weet ensfh.) foarôf goed ûntsletten wurde binne it weardefolle leveransiers fan essinsjele fiedingsstoffen.

In oar punt wêrom’t nochal ris negatyf oer nôten sprutsen wurdt is it optreden fan in glutenallergy. Glutenallergy (Coeliakie) kin allinne feroarsake wurde troch nôten dêr’t de stof gliadine yn sit, bygelyks weet, mar komt by hûnen folle minder faak foar as wolris sein wurdt. Hiel faak wurde de boppe-omskreaune termproblemen as gefolch fan it ûnfolslein ûntsletten wêzen fan ’e nôten oanmurken as “glutenallergy”. Yn mais en rys sit gjin gliadine.

Gearfetsjend kin steld wurde dat:

  1. Nôten (sieden) fan natuere in ûnderdiel binne fan it iten fan wolven, de foarâlden fan hûnen.
  2. Undersyk (ein 2012, begjin 2013) hat oantoand dat it fertarringssysteem fan ’e foarâlden fan ús hûnen him by de domestikaasje oanpast hat nei in ytpatroan fan mear setmoal en minder fleis.
  3. Hûnen koalhydraten nedich hawwe.
  4. Nôt (yn alle soarten) in hiele goede boarne fan koalhydraten is.
  5. It nôt wol folslein ûntsletten wêze moat omdat oars problemen foarprogrammearre binne.
  6. Farm Food allinne foarôf goed ûntsletten nôten (mais, weet, rys en sorghum) brûkt.
  7. Yn mais en rys gjin gliadine sit en dy dêrom gjin “glutenallergy” feroarsaakje kinne.
  8. It anty-nôten ferhaal net op feiten berêst, krekt oarsom!

(c) Maart 2013 – Yng. Gerrit de Weerd.

Print Friendly, PDF & Email