Farm Food HE: parse, natuerlik hûnefoer sûnt 1982.

Yn Farm Food HE sitte gjin gemyske antyoksidanten, konservearringsmiddels, tafoege kleurstoffen, rookstoffen of smaakstoffen.

Troch de hege suverheid fan ’e brûkte grûnstoffen is de tafoeging fan gemyske antyoksidanten en konservearringsmiddels oan Farm Food HE oerstallich. Dat is ek de reden fan ’e beheinde hâldberheid fan Farm Food HE (oant 6 moanne nei produksje). Mei troch it ûntbrekken fan konservearringsmiddels is it fan belang dat it foer “azemje” kin om broei- en skimmelfoarming foar te kommen.

Dat betsjut dat Farm Food HE NET luchtticht ôfsletten wurde mei yn tonnen of oare opberchmooglikheden dêr’t gjin soerstof by komme kin!

Yn Farm Food HE sitte gjin bynmiddels.

Bynmiddels wurde faak tafoege om in hurdere brok te krijen. Dy hawwe lykwols as neidiel dat se yn it termkanaal beskate spoare-eleminten bine wêrtroch’t dy net opnommen wurde kinne. Dêrtroch kin ûnbalâns yn it iten ûntstean, dy’t op langere termyn in tige neidielich effekt hat op ’e sûnens fan ’e hûnen. It net brûken fan bynmiddels hâldt wol yn dat der soms wat moal of grús ûntstean kin. Mar dat nimme wy der graach op ta, want it giet op ’t lêst om ’e sûnens fan jo hûn(en)!

Farm Food HE is net ekstrudearre.

Farm Food HE is parse. Om foar te kommen dat weardefolle fiedingsstoffen lykas de aaiwiten en fetten skea tabrocht wurdt of fitaminen ferlern geane wurdt Farm Food HE net ekstrudearre mar kâld parse. Alle yngrediïnten dy’t sean wêze moatte om goed fertard wurde te kinnen (de nôten) binne foarôf ‘ûntsletten’ foardat se yn ’e totale gearstalling ferwurke wurde.

Hûnen wurde libbener en stabiler fan karakter.

Hieltyd wer krije wy te hearren dat de hûnen, neidat oerskeakele is op Farm Food HE, folle libbener en fleuriger wurde. Dat is ta te skriuwen oan ’e heechweardige en suvere grûnstoffen dy’t wy brûke. Trochdat wy gebrûk meitsje fan benammen heechweardige (Nederlânske) kowefleisaaiwiten en hemoglobinepoeier is der in aaiwytfraksje fan 24% nedich om it aminosoerferlet mear as foldwaande te dekken. Dêrtroch ûntstean by it fertarren dúdlik minder ôffalstoffen, wêrtroch’t de lever ek minder belêst wurdt.

Ek it feit dat wy gjin kleur-, rook- en smaakstoffen of gemyske antyoksidanten, bynmiddels en konservearringsmiddels oan Farm Food HE tafoege hawwe hat tige wierskynlik in stabilisearjend en posityf effekt op ’e karakters.

Hûnen wurde steviger en krije sterkere spieren.

Hûnen binne fan natuere sûchdieriters. Dêrom is by it ûntwikkeljen fan Farm Food HE rekken holden mei it natuerlike ytpatroan fan ’e hûnen. Dêrom wurde by it meitsjen fan Farm Food HE kowefleis en hemoglobinepoeier as aaiwytboarne brûkt. It aminosoerpatroan fan kowefleis komt by de hûn nammentlik it meast oerien mei de natuerlike opbou fan it lichem. Dêrtroch wurde de hûnen steviger en hurder yn harren bespiering.

Yn Farm Food HE sit gjin hin of oar fûgelguod.

Omdat de measte hin (fûgelguod) dy’t ta beskikking stiet ôfkomstich is fan bisten dy’t op it hichtepunt fan harren groei slachte binne (slachtpiken fan 5 oant 6 wike âld) sit yn it karkas fan ’e hin (pyk) in protte natuerlik oanwêzige groeihormoanen. (dy natuerlike groeihormoanen binne produsearre yn ’e hypofyze fan ’e pyk sels). Boppedat sit yn it krasbien in soad proline, in saneamd “aminosoer” dat de wurking fan echte aminosoeren neidielich beynfloedet (proline is in antagonist).

Us ûnderfining is dat in kombinaasje fan boppeneamde faktoaren in neidielige ynfloed hat op ’e totale sûnens fan ’e hûnen. Foaral de groei fan jonge hûnen en de fruchtberens fan âldere hûnen liket ûnder de natuerlike groeihormoanen te lijen. Wannear’t lykwols gebrûk makke wurdt fan folwoeksen hinnen (dy’t bygelyks slachte binne neidat se gjin aaien mear lizze) trede dy neidielige effekten net of dúdlik minder op.

Jonge hûnen groeie folle lykmjittiger.

Wannear’t puppen fan it begjin ôf oan Farm Food HE, yn kombinaasje mei Farm Food Fresh Pânse & Hert Kompleet, te iten krije groeie se folle lykmjittiger sûnder de bekende groeiskokken en groeipinen. Dy lykmjittige groei betsjut in bettere ûntwikkeling fan ’e bonken en soarget dat de bannen en pezen fan ’e hûn har ek, en yn ferhâlding ta it ûntwikkeljen fan ’e bonken, yn in lykmjittich tempo ûntwikkelje kinne wêrtroch’t se folle stabiler wurde.

Hieltyd wer befêstigje fokkers ús, dat de hûnen by de groei altyd “yn ferhâlding” binne. Opmerklik is dêrby ek dat it liket oft de hûnen stadiger groeie yn ferhâlding ta harren nêstgenoaten dy’t in oar foer te iten krije, mar ienkear folwoeksen binne se like grut. Foaral by de gruttere rassen is dat punt tige opfallend.

It hier wurdt better en foller.

Foaral troch it brûken fan suvere kowefetten dy’t, foardat se yn Farm Food HE ferwurke wurde, net hegere ferwaarme binne as 90 °C (oanfolle mei lesitine en kâld parse lynsiedoalje of Skotske salmoalje foar ekstra omega 3 en 6 fetsoeren) wurdt de stofwikseling fan ’e hûnen minder belêst. Ek it feit dat Farm Food HE net ekstrudearre is mar kâld parse, draacht wis by oan ’e kwaliteit fan ’e hûd en it hier.

Dy feiten, mei de heechweardige aaiwytkwaliteit en it net brûken fan bynmiddels, gemyske antyoksidanten en konservearringsmiddels binne der mei ferantwurdlik foar dat ek fiedingstechnyske hûd- en hierproblemen oplost wurde en de kleur en struktuer fan it hier wer wurdt sa’t dy wêze moat!

Aldere hûnen krije “in twadde jeugd”.

In opfallend soad Farm Food HE klanten melde dat âldere hûnen folle aktiver en libbener bliuwe as hûnen fan likense leeftiid dy’t oar foer krije.

Ek krije wy geregeld fan hûneleafhawwers te hearren dat harren hûn oan “in twadde jeugd” begûn is neidat se oerskeakele binne op Farm Food HE. Dat feit is folslein ta te skriuwen oan de unike gearstalling en hege suverheid fan Farm Food HE, dy’t boppedat folslein yntakt bliuwt omdat it foer net ekstrudearre wurdt mar kâld parse.

Farm Food HE jout in tige goede ûntlêsting.

De hûnen dy’t Farm Food HE te iten krije hawwe yn it algemien in tige goede ûntlêsting. Gjin kleurige weake bulten mar moaie donkere keutels. Yn ferhâlding ta in soad oare binne de keutels fan hûnen dy’t Farm Food HE te iten krije hiel donker. Dat feit is folslein ta te skriuwen oan de tige goede fertarberheid.

Omdat yn Farm Food HE de kilogram in protte enerzjy sit mei in fertarberheid heger as 86% is de ûntlêsting, neidat de hûn deroan wend is, relatyf net folle. De ûntlêsting hat wol in sadanich fochtgehalte dat de hûnen net hoege te parsjen. Dy konsistinsje fan ’e ûntlêsting soarget derfoar dat by it ûntlêsten ek de anaalklieren leech “massearre” wurde.

Farm Food HE is bestimd foar alle hûnen fan alle leeftiden.

Omdat hûnen fan ferskillende leeftiden of ûnder ferskillende omstannichheden gjin oar, mar mear of minder nedich hawwe fan foer dat biologysk yn balâns is, kinne jo al jo hûnen, fan pup oant senior, fuorje mei ien en deselde Farm Food HE. Foar it gefal dat jo hûn in glutenallergy hat, is der wol in spesjale (weet)gluten frije gearstalling mei deselde analyze.

Foar puppen en lytse rassen is der Farm Food HE “Miny”; Mei eksakt deselde gearstalling as de normale brok lykwols krekt wat lytser kwa formaat (6 mm) sadat it makliker te iten is foar puppen óf lytse rassen.

Farm Food HE, in goede boarne fan prebioatika.

Farm Food HE is foarsjoen fan prebioatika, yn ’e foarm fan inuline; in ûnoplosber sûker (FOS) dat wûn wurdt út, ûnder oare, de sûkereiwoartel. Farm Food HE is dêrom in treflike manier om de goede baktearjes fan ’e termfloara fan ekstra fieding te foarsjen.

Farm Food HE kin hiel goed mei Farm Food Fresh Kompleet kombinearre en mongen wurde. Farm Food HE is dêrom in treflike kar neist Farm Food Fresh farskfleis foer.

Suvere grûnstoffen en yngrediïnten, gaadlik foar minsklike konsumpsje.

Oan alle grûnstoffen en yngrediïnten dy’t yn Farm Food HE ferwurke binne wurde deselde kwaliteitseasken steld as oan produkten bestimd foar minsklike konsumpsje. De gearstalling en kwaliteit fan ’e brûkte grûnstoffen yn Farm Food HE soargje dêrby foar in optimale biologyske balâns, de hege biologyske wearde fan ’e aaiwiten en in hege fertarberheid fan mear as 86%.

Farm Food HE: parse, natuerlik hûnefoer sûnt 1982.

It sil jo dúdlik wêze dat wy in hiel protte wearde hechtsje oan ’e kwaliteit en de suverheid fan alle yngrediïnten dy’t brûkt wurde by it meitsjen fan Farm Food HE. Dat dogge wy om oerbelêsting fan ’e lever foar te kommen. Dat is feitlik it geheim wêrom’t de hûnen it ek op langere termyn “sa goed dogge” op Farm Food HE.

 

Print Friendly, PDF & Email