Wêrom droech hûnefoer en farskfleisfoer

Wêrom kompleet farskfleisfoer neist Farm Food HE?

In sûne termfloara is ien fan ’e belangrykste pylders ûnder de totale sûnens fan jo hûn. Is de termfloara út balâns of te skraal, dan binne sûnensproblemen foarprogrammearre. Hûd-, hier-, termproblemen of allergyen fine hiel faak har oarsprong yn in fersteuring fan ’e termfloara. Dêrom advisearje wy, Farm Food hûnefoer, fan it begjin fan ús bestean ôf (as earste) om neist ús droech hûnefoer ek farsk fleis te jaan om dêrmei de termfloara te optimalisearjen.

Faak sjogge wy diarree en oare termproblemen (en net allinne by puppen) as gefolch fan in te skrale termfloara. We sprekke fan in te skrale termfloara wannear’t der te min ferskillende baktearjekoloanjes yn ’e term oanwêzich binne. Is dat it gefal, dan wurdt it foer net genôch ôfbrutsen en rottet en gêstet it yn ’e dikke term. Dêrtroch ûntstiet diarree. De hûn komt yn in fisieuze sirkel en is dêr sûnder in natuerlike oanpak slim út te krijen.

Alle droechfoer (ek blik- en stoomd foer) ûndergiet by de produksje in beskate ferwaarming. Dêrtroch geane de yn ’e grûnstoffen oanwêzige enzymen en baktearjes ferlern. Hoewol’t dat nea wittenskiplik oantoand is, hawwe wy de ûnderfining dat foar in goede opbou en de ynstânhâlding fan ’e termfloara dy ferlern giene enzymen en baktearjes needsaaklik binne.

Om dy reden advisearje wy it brûken fan Farm Food Fresh Pânse & Hert Kompleet (op basis fan griene, ûngewosken/smoarge kowepânse) op saneamde “farskfleisdagen”. Yn Farm Food Fresh Pânse & Hert Kompleet sitte alle needsaaklike baktearjes en enzymen dy’t nedich binne foar in goede opbou en ynstânhâlding fan ’e termfloara fan jo hûn. Sa’t jo begripe sille, moatte jo Farm Food Fresh ûntteid en op keamertemperatuer rau jaan om it winske effekt te krijen. Siede, opwaarmje of ûntteie yn ’e magnetron moatte jo beslist net dwaan omdat dêrmei alle baktearjes en enzymen ferneatige wurde.

Ek is it fan belang om by en nei elke antibioatikakuer en termynfeksje jo hûn in tal dagen Farm Food Fresh Pânse & Hert Kompleet te jaan. De termfloara kin dan op in natuerlike wize werstelle. Dêrneist is it fan belang om by de antibioatikakuer en oant 7 dagen dêrnei in fitamine B-kompleks by te jaan.

Yn plak fan ’e Farm Food Fresh “farskfleisdagen” kinne jo foar it winske effekt ek alle dagen in bytsje Farm Food Fresh Pânse & Hert Kompleet troch de brokken minge; ús lytse woarstjes binne dêr ideaal foar. Farm Food Fresh Pânse & Hert Kompleet en Farm Food Fresh Kowefleis Kompleet binne fanselssprekkend ek bysûnder geskikt as deistich foer foar jo hûn; dêrfoar kieze jo ús gruttere bakjes of grutte woarsten.

50 gram Farm Food HE komt oerien mei sa’n 100 gram Farm Food Fresh Pânse & Hert Kompleet.

(Lês ek ús wiidweidich artikel wêryn’t wy djipper yngeane op it wol en wee oangeande de termfloara.)

Print Friendly, PDF & Email