Wêrom binne parse brokken, neffens ús, sûner foar jo hûn?

Der binne 2 ferskillende produksjefoarms fan droechfoer. Nammentlik ekstrudearje en parsje. It grutste ferskil tusken dy beide is de absolute temperatuer by de produksje. By it ekstrudearjen rint de temperatuer fan it foer, ûnder ynfloed fan druk en tafoege waarmte, op oant fíér boppe de 100 °C. Dêrtroch wurdt it foer om samar te sizzen “bakt” en ûntsteane de saneamde “krokante” hûnebrokken. Dat dy hege temperatuer negative effekten hat op belangrike grûnstoffen is ek út de humane fieding wei algemien bekend.

Foaral de fetten en beskate fitaminen (foaral dy fan it B-kompleks), binne hiel gefoelich foar ferwaarming boppe 100 °C. Wannear’t fetten “bakt” wurde ûntsteane ûnder oare in soad frije fetsoeren dy’t bygelyks in tige neidielige ynfloed hawwe op ’e stofwikseling yn ’e lever.

Yn ’e begjinfaze fan hûnefoer-produksje waard ekstrudearre om de fertarberheid fan ’e koalhydraten te ferheegjen. Mar omdat de koalhydraten om wille fan ’e fertarberheid ek foarôf ûntsletten (ferlykber mei sieden) wurde kinne en de fertarberheid fan ’e oare grûnstoffen (aaiwiten, fetten, fitaminen, mineralen en spoare-eleminten) net ferhege wurdt troch ekstrudearjen, is dy produksjemetoade oerstallich en, yn ús eagen, sels as negatyf te beoardieljen omdat de gemyske prosessen dy’t har ôfspylje by temperatueren boppe de 100 °C net eksakt yn kaart te bringen binne. By ekstrudearjen fynt in feroaring plak yn ’e grûnstoffen dy’t wy net kenne. Wy witte net yn hoefier’t fetten, aaiwiten, spoare-eleminten, fitaminen en mineralen feroarje troch it ekstrudearjen en wat dêr de gefolgen fan binne foar de hûn.

In goed foarbyld fan wat ferwaarmjen boppe de 100 °C docht is de bôlekoarste. Hoewol fan itselde moal bakt as it binnenste, is de koarste brún wurden en smakket dy bitter. Der hat in dúdlike feroaring fan it karakter fan ’e grûnstof plakfûn. By (kâld)parsjen op maksimaal 75 °C feroaret it karakter fan in grûnstof net; ek net yn kombinaasje mei oare grûnstoffen.

Neist it boppesteande binne der noch in pear belangrike redenen wêrom’t wy Farm Food HE parsje en net ekstrudearje.

Under oare is dat it feit, dat by ekstrudearjen inkelde essinsjele heechweardige aaiwyt-grûnstoffen (lykas hemoglobine) net brûkt wurde kinne, omdat dy by ferwaarming boppe 100 °C folslein bakt wurde.

By in parstemperatuer fan maksimaal 75 °C bliuwe dy yngrediïnten folslein en yn oarspronklike steat oanwêzich. Dêrtroch leverje se in belangrike bydrage oan ’e totale kwaliteit fan it foer en dêrmei it optimale funksjonearjen en de sûnens fan ús hûnen. By in goede parse brok komme de fiedingsstoffen lykmjittich frij. Dat komt omdat Farm Food HE yn ’e mage stadich, fan ’e bûtenkant ôf, oplost. In ekstrudearre brok dêrfoaroer sûget him fol maachsop en falt dan yn ien kear útelkoar.

Neist it gegeven dat in parse brok ek folle minder “sweeft” yn ’e mage, is dat stadige oplossen íén fan ’e belangrykste redenen wêrom’t by goede parse brokken de kâns op maachtorsys dúdlik lytser is as by ekstrudearre brokken. It is dêrom ek hiel belangryk dat Farm Food HE net mongen wurdt mei in ekstrudearre hûnebrok. Yn tsjinstelling ta in ekstrudearre brok, kinne jo Farm Food HE wól minge mei farsk fleis lykas bygelyks Farm Food Fresh.

Om it ferskil tusken parsjen en ekstrudearjen sichtber te meitsjen is der in aardich, en hiel dúdlik, proefke dat jo ek sels ienfâldich op ’e neikommende wize útfiere kinne:

De Farm Food HE ekspânsjeproef:

  1. Nim 2 grutte glêzen.
  2. Kies in ekstrudearre foer (ekstrudearre foer driuwt op wetter).
  3. Nim fan Farm Food HE en it ekstrudearre foer in likense poarsje yn grammen. Bygelyks 100 gram Farm Food HE en 100 gram fan it ekstrudearre foer. Doch it foer elk yn in eigen glês.
  4. Doch dêr in aardige flut jittik by om de soergraad yn in folle mage in bytsje te imitearjen.
  5. Folje dêrnei beide glêzen like fol mei hânwaarm wetter.
  6. Lit dat dan in skoftke stean.
  7. Nei inkelde minuten sjogge jo al dúdlik in resultaat.

Jo sjogge al frij gau it ferskil en nei in healoere oant in oere sjogge jo yn dizze proef likernôch wat der yn in hûnemage bart; en dat is no presiis íén fan ’e redenen wêrom’t wy Farm Food HE parsje en net ekstrudearje!

Print Friendly, PDF & Email